Plaatselijk Belang

Dickens mei Scrooge op ‘e Sweach – teäterfoarstelling

It wrâldferneamde Dickens-ferhaal oer Scrooge sil ta libben komme yn de sfearfolle strjitten en histoaryske pannen fan Beetstersweach. Op fiif jûnen tusken 11 en 19 desimber 2025 sil dit klassike krystferhaal oer de gjirrige en gnoarrige Ebenezer Scrooge spile wurde; in ferhaal oer leare wat echt wichtich is yn it libben.

Yn koarte sênes op 10 lokaasjes sil it publyk ûnderdompele wurde yn de betsjoenende Dickens-sfear. It sil in unike teäterbelibbing wurde. Yn groepen fan maksimaal 32 persoanen rint it publyk fan sêne nei sêne. De totale trochrin duorret ûngefear twa-en-in-heal oere de groep, en hat in lingte fan sawat 2 kilometer. Alle jûnen starte der 10 groepen nei inoar mei in tuskenskoft fan 15 minuten.


De ôfrûne moannen binne ûngefear 300 entûsjaste ynwenners fan ‘e Sweach en omkriten meiinoar dwaande west om dit unike teäterspektakel del te setten. Toanielspilers, figuranten, fertellers, sjongers, muzikanten en dûnsers binne alle wiken drok oan it repetearjen. Dêrnjonken binne efter de skermen regisseurs, kostúmûntwerpers, dekôrbouwers, technisy, klaaiers en grimeurs oan it wurk om fan dizze foarstelling in magysk spektakel te meitsjen.

It inisjatyf is nommen troch ús doarpsgenoaten sjongpedagoge Lysbeth Riemersma en regisseur Jan Smit, dy’t al in soad teäterstikken regisearre en û.o. jierrenlang it suksesfolle Sweachster Festival die. Sy wurde yn ‘e organisaasje bystien troch in wurkgroep fan entûsjaste frijwilligers.


Spyldagen: tongersdei 11, freed 12, sneon 13, tongersdei 18 en freed 19 desimber 2025


Plak/lokaasje: De start is yn de Ontmoetingskerk, Achter de Hiemen 41, 9244 BP Beetstersweach. Dêrnei fiert de rûte lâns ferskate binnen- en bûtenlokaasjes.


Parkeare: fergees parkearen njonken de tsjerke oan ‘e Vlaslaan, efter De Buorskip en op oare plakken yn it doarp.

Kom leafst rinnend of op ’e fyts


Oanfang: de earste groep start om 16.45 oere; dêrnei start der elts kertier in groep; de lêste groep sil starte om 19.15 oere – eintiid 21.45 oere.



Klik op de vlag voor de nederlandse Scrooge